Fysioterapeuten yn Ljouwert komme yn aksje tsjin guon fersekerders 

24 des 2018 – 20:14 – bron Omrop Fryslan:

Fysiotherapie Leeuwarden, in groep terapeuten, wol foar takom jier gjin kontrakt ôfslute mei in tal soarchfersekerders. De fysioterapeuten binne it net iens mei it belied fan soarchfersekerders. In eask fan de soarchfersekerders is dat de fysioterapeut mar in beheind tal behannelingen oan in klacht besteegje mei. Dêr binne de fysioterapeuten it net mei iens.

Dat belied fan de soarchfersekerders is in saneamde ‘behandelindex’. “Die is gebaseerd op het gemiddeld aantal behandelingen (per soort klacht) van alle fysiotherapiepraktijken in Nederland”, skriuwt praktykeigener Jochum van Brummelen. Mar dat fine de fysioterapeuten dus neat. “U verwacht de zorg die u nodig denkt te hebben en wilt ook dat deze zorg vergoed wordt.”

Gjin kontrakt

Dêrom slute de fysioterapeuten foar 2019 gjin kontrakt ôf mei CZ (dêrûnder falle ek OHRA en Nationale Nederlanden), Caresq en VRZ (dêrûnder falle Zorg en Zekerheid en ENO).

Minsken dy’t by ien fan dy fersekerders sitte, krije fan de fysioterapeuten in rekkening, dy’t se dan yntsjinje kinne by de fersekerder. Dy fergoedet dan in diel fan de rekkening, dy’t de pasjint fierder sels betelje moat oan de fysioterapeuten.

Leeuwarder Fysiotherapeuten in actie

Share Button
Spring naar toolbar